De feriening hat mei klam in net-kommersjeel karakter, ken gjin sponsors en hat as doel it befoarderjen fan de reedriidsport, mar foaral it organisearjen fan de Alvestêdetocht, as it in bytsje kin, jierliks. Oan it meidwaan fan de tocht is in tal betingsten ferbûn (sjoch Lidmaatskip, Oanmelde en Ledebelied). De organisaasje draait op frijwilligers. De meast resinte Alvestêdetocht wie op 4 jannewaris 1997. Op dizze side fine jo by Skiednis in oersicht fan alle reedriidalvestêdetochten fanôf de oprjochting fan de feriening yn 1909 mei fermelding fan de winners. By Ereleden en J.P. de Jong-Pinning fine jo de nammen fan minsken dy't harren op in bysûndere wize foar de feriening ynset hawwe. Hawwe jo de Alvestêdetocht op redens, op de fyts en op fuotten folbrocht, dan komme jo yn oanmerking foar in Alvestêdebrevet. Op hokker wize dit oanfrege wurde kin, fine jo by Brevetten op dizze side.

Sykje

Login foar leden

Lidnûmer:
Wachtwurd:
Wachtwurd ferjitten?