Op inisjiatyf fan Koninklijke Vereniging De Friesche Elf Steden, de Stichting Elfsteden Rijwieltocht en de Stichting Elfsteden Wandeltochten wurdt oan sporters, dy't de Alvestêdetocht op redens, op de fyts of op fuotten reglementêr folbrocht hawwe, in alvestêdebrevet útrikt. De tochten hoege net yn itselde jier folbrocht te wêzen.
It brevet is mei de hân kalligrafearre en is in yndrukwekkend dokumint. De útrikking fan it dokumint wie foar it earst yn 1987 en is sûnt dy tiid jierliks in feestlik barren. Yn 2005 waard it 1000e brevet útrikt.
Tinke jo yn oanmerking te kommen foar it alvestêdebrevet, dan kinne jo direkt neidat jo alle trije hjir neamde alvestêdetochten folbrocht hawwe, een brevet oanfreegje fia www.elfstedenwandeltocht.nl of fia www.11steden.nl.




