Eltsenien fan 18 jier en âlder dy't hiel goed reedride kin en fan wa't ferwachte wurde mei dat hy/sy de tocht ek yndie útride kin, kin lid wurde fan Koninklijke Vereniging De Friesche Elf Steden. Dat hy/sy yn steat is om de tocht út te riden, moat blike út in reedriidfeardichheidsverklearring. Dizze ferklearring moat ûndertekene wurde troch twa hjoeddeistige leden fan ús feriening. De yn te foljen reedriidfeardichheidsferklearring makket diel út fan de dokuminten dy't jo ûntfange as jo in lidmaatskip by ús feriening oanfreegje.
Klik hjir om it formulier del te laden (PDF-bestân). Yn it PDF-bestân fine jo de folgjende dokuminten: in wolkomstbrief, in oanmeldformulier, in machtigingsformulier foar de automatyske ynkasso en in reedriidfeardichheidsferklearringsformulier. Dizze formulieren kinne jo ôfdrukke, ynfolje en per post ferstjoere oan Koninklijke Vereniging De Friesche Elf Steden, Postbus 569, 8901 BJ Ljouwert, tegearre mei in resinte pasfoto en in kopy fan in jildich legitimaasjebewiis. By it ûntbrekken fan ien fan dizze dokuminten, dus ek fan de resinte pasfoto en een kopy fan in jildich legitimaasjebewiis, kinne jo net as lid fan ús feriening ynskreaun wurde. By it ûntbrekken fan ien fan de stikken krije jo fan ús it fersyk om dizze fuortendaliks oan ús te ferstjoeren. Neist de mooglikheid om de oanmelddokuminten fanôf dizze side del te laden, bliuwt it ek mooglik dat wy jo de oanmeldformulieren oer de post of oer de mail tastjoere.
Alle oanmeldings dy't wy jierliks foar 31 maaie ûntfange, wurde fan it dêropfolgjende winterskoft ôf as lid ynskreaun. Ûntfange wy de oanmelddokuminten nei 31 maaie, dan wurde jo yn it jier dêrop as lid ynskreaun. Bygelyks: Minsken dy't harren yn de moannen juny 2011 oant en mei maaie 2012 foar in lidmaatschip oanmelde, wurde per 2012/2013 as lid fan ús feriening ynskreaun.
Hawwe jo fierder noch fragen oer it lidmaatskip of oer de oanmeldproseduere, dan kinne jo in mail stjoere nei info@defriescheelfsteden.nl ûnder fermelding fan "oanmelding lidmaatskip".
Kontribúsje.
De kontribúsje wurdt jierliks op 1 oktober ynkassearre en is it jier:
|
Foar leden mei startrjocht
|
€ 12,50
|
|
Foar leden mei startkâns
|
€ 12,50
|
|
Foar net-ridende leden
|
€ 6,00
|
Nije leden betelje yn it jier fan ynskriuwing njonken de kontribúsje ek noch € 11,35 oan administraasjekosten.
Opsizzen fan it lidmaatskip.
Jo kinne it lidmaatskip allinne skriftlik opsizze. Stjoer dêrfoar in brief of in e-mail mei dêryn jo namme, adres en jo lidnûmer nei de feriening. De adresynformaasje fine jo op dizze webside ûnder kontakt.
Opsizzing fan it lidmaatskip moat twa moanne foar it ynbarren fan de kontribúsje, dus foar 1 augustus fan it rinnende jier.




