J.D. de Jong-Pinning

It bestjoer hat yn 1971 de J.D. de Jong-Pinning ynsteld yn neitins oan har, in jier dêrfoar ferstoarne, bestjoerslid J.D. de Jong. De pinning kin takend wurde oan elts dy't him/har op in bysûndere wize fertsjinstlik makke hat foar de organisaasje fan de Alvestêdetocht.

Yn de Algemiene Ledegearkomste fan 17 desimber 2004 rikke foarsitter Henk Kroes twa J.D. de Jong-Pinnings út en wol oan de hearen Jaap de Jong en Arie Smit. Beide hearen hawwe harren jierren lang ôfgryslik ynsetten foar de feriening. Jaap de Jong wie boekhâlder fan de feriening fan 1986-2004. Arie Smit is sûnt 1986 meiwurker lede-administraasje en is noch altyd aktyf foar de feriening. Beide hearen hawwe efter de skermen in ôfgryslik soad wurk fersetten. Wat te tinken bygelyks fan it yn in jier tiid ferwurkjen fan 32.000 pasfoto's fan leden; it oanskriuwen fan minsken dy't net reagearren op de legitimaasje-aksje; it permanint byhâlden fan de adressen fan de leden; it jierrenlang hânmiettich ferwurkjen fan alle betellings fan leden en it beantwurdzjen fan de by tiid en wile grutte tallen tillefoantsjes.

De J.D. de Jong-Pinning waard dêrfoar foar it lêst útrikt op 18 desimber 1997 oan mefrou Aaf Huisman. Sy soarge der fan 1971-1997 foar dat elts jier de EHBO-organisaasje stand-by wie. Sy krige de J.D. de Jong-Pinning om har te earen foar har enoarme ynset by de lêste trije alvestêdetochten. Fia har giet de ear fansels ek nei alle EHBO- en Rode-Kruismeiwurkers dy't by de organisaasje belutsen wiene.

Earder krigen silger mefrou Aaf de Jong-Zondervan; de hear Jeen van den Berg: mefrou Hilda Murk-De Jong en silger de hear Sytse Sikkens, dy't  mear as 50 jier foar de feriening aktyf wie, de J.D. de Jong-pinning.

Sykje

Login foar leden

Lidnûmer:
Wachtwurd:
Wachtwurd ferjitten?