De belangstelling foar de Alvestêdetocht fan 4 jannewaris 1997 wie oerweldigjend en fan in noch net earder meimakke ûmfang. Fan witwêrshanne kamen reedriders nei it heitelân om dêr de Tocht ûnder de Tochten folbringe te kinnen. It publyk wie massaal oanwêzich lâns de rûte om persoanlik tsjûge fan de sportive prestaasjes fan harren neisten en oare trochsetters wêze te kinnen.
It is dêrom ek net nuver dat de feriening har sûnt lange tiid ferhûgje mei yn in bjusterbaarlik grutte belangstelling foar it lidmaatskip. Dochs is ien ding dúdlik: it iis kin net mear as sa'n 16.000 reedriders oan. Oars wurdt it te gefaarlik. Sûnt 1986 hie de feriening in ledestop. Dy wie ynsteld om't it tal ridende leden (doe 20.566) gâns heger wie as it tal beskikbere startplakken. Wol binne der fan 1986 ôf potinsjele dielnimmers talitten. Ûnder harren wurdt jierliks in tal startplakken ferlotte.
Nei de tocht fan 1997 is der yn de feriening noch wiidweidich sprutsen oer de rjochten fan de hjoeddeistige leden en oer it talitten fan nije leden (ûnder oaren by de wol hiel rûzige Algemiene Ledegearkomste fan 1997 mei mar leafst 1900 oanwêzige leden). Dat hat laat ta in ledebelied fan lotting. Wylst is it mooglik om ûnder de leden mei startkâns sa'n 50% ferdieling te meitsjen. De iene helte fan de leden mei startkâns is yndield yn de even jierren en de oare helte yn de oneven jierren. As lottingjier jildt it earste jiertal fan in winterskoft. Binne jo bygelyks ynlotte yn 2011/2012; 2013/2014, ensafuorthinne, dan binne jo yn de oneven jierren ynlotte. Binne jo ynlotte yn 2012/2013, 2014/2015, ensafuorthinne, dan binne jo yn de even jierren ynlotte.
Leden mei startkâns ûntfange no om it jier automatysk in startnûmer. Dit nûmer is oanjûn op de ledepas.
Ruilje fan lottingsjier.
Sunt 2006 wurde leden mei startkâns om it jier ynlotte. Dit betsjut dat sy yn de even of yn de oneven jierren automatysk ynlotte wurde. Foar leden dy't in soad belang hawwe by ruiljen fan de even nei de oneven jierren of oarsom, is it mooglik om ien kear te ruiljen. Dit kin allinne yn it jier fan útlotting, wêrnei't nochris in útlotting plakfynt.
Beskikberstelle fan startrjocht.
Leden mei startrjocht kinne skriftlik oan it bestjoer kenber meitsje dat sy harren startrjocht (ien kear foar de earstkommende tocht of foar in beskate perioade) tydlik beskikber stelle. As sy wer ridend lid wurde wolle, wurde sy lid mei startkâns en wurde dan dus om it jier ynlotte. Sy moatte dit foar 1 septimber fan it betreffende jier skriftlik oan it bestjoer meidiele. De frijkommen startplakken wurde jierliks ûnder de nije leden ferlotte. Hjirfan krije sy begjin desimber berjocht. It oerdragen fan it startrjocht nei in individueel persoan is net mooglik. Wa't syn/har startrjocht beskikber stelt, wurdt net-ridend lid. As jo dêrnei beslute om dochs wer mei dwaan te wollen, dan wurde jo lid mei startkâns en jo wurde dan dus om it jier ynlotte.




