Lid mei startrjocht.
Dit binne alle leden, dy't op it momint fan de ledenstop yn 1986 al lid fan ús feriening wiene en al startrjocht hiene. Hawwe jo startrjocht, dan meie jo oan de folgjende Alvestêdetocht meidwaan. De rjochten binne fêstlein yn it tochtreglemint. It bestjoer sil de posysje fan dizze leden net op 'e nij op de aginda fan de Algemiene Ledengearkomste sette. De groep mei startrjocht wurdt net oanfolle, wêrtroch it tal leden mei startrjocht allinne mar lytser wurdt. Alle nije leden wurde oanmeld as leden mei startkâns.
Lid mei startkâns.
Dit binne de eardere potinsjele dielnimmers en nije leden fanôf 1986. Ûnder harren wurde de oare startkaarten ferlotte. Alle goede riders fan 18 jier en âlder, fan wa't ferwachte wurde mei dat sy de Alvestêdetocht yndie ek útride kinne, kinne lid wurde. Kandidaat-leden moatte beskikke oer in reedriidfeardichheidsferklearring, wêryn't oanjûn is dat sy yn steat binne om de tocht út te riden. Dizze ferklearring moat ûndertekene wurde troch twa hjoeddeistige leden fan ús feriening, dy't de reedriidkwaliteiten fan it betreffende kandidaat-lid posityf beoardiele. In lid mei heechút twa ferklearringen per jier ûndertekenje.
Sûnt 2006/2007 meie alle leden mei startkâns elk twadde jier starte. Dat betsjut, dat dizze leden om it jier automatysk ynlotte wurde. As hy/sy bygelyks útlotte is foar 2009/2010, wurdt hy/sy ynlotte foar in mooglike tocht yn 2010/2011, ensafuorthinne. Ezelsbrêchje is dat leden mei startkâns yn de even of yn de oneven jierren ynlotte wurde. De feriening giet út fan it earste jiertal fan in winterskoft: as jo bygelyks ynlotte binne yn 2009/2010, 2011/2012, ensfh., dan binne jo dus yn de oneven jierren ynlotte.
Net-ridend lid.
Net-ridende leden binne leden dy't gjin startbewiis foar de Alvestêdetocht krije. De oanmeldproseduere is hast gelyk oan dy fan in lid mei startkâns, allinne is it net nedich dat der in reedriidfeardichheidsferklearring ynfolle wurde moat.
Net-ridende leden betelje minder kontribúsje en ûntfange lykas alle oare leden û.o. de jierlikse nijsbrief, de lidmaatskipskaart en de útnoeging foar de Algemiene Ledengearkomste. Sy meie net dielnimme oan de tocht, mar hawwe fierder deselde rjochten en plichten as ridende leden. Wa't syn startrjocht (tydlik) beskikber stelt, wurdt ek as net-ridend lid registearre. As dejinge dy't dit docht, syn/har startrjocht werom ha wol, moat hy/sy dit foar 1 septimber fan it rinnende jier skriftlik oan it bestjoer fan de feriening kenber meitsje.
Alle leden ûntfange jierliks harren lidmaatskipskaart (hjirop stiet as jo wol of net starte meie), de ledenbrief en in útnoeging foar de Algemiene Ledengearkomste.




