Al hiel lang jildt it as in bysûnder sportive prestaasje om op redens alle alve Fryske stêden op ien dei oan te dwaan: in ôfstân fan sawat 200 kilometer. Fan inkele tsientallen folbringers út eardere ieuwen binne de nammen bekend bleauwn. Harren súksessen waarden yn famyljerûnte fan generaasje op generaasje grutsk trochferteld.
Ûnder de hûnderten manlju en froulju dy't yn de lange winter fan 1890 op 1891 op eigen inisjatyf de tocht folbrochten, wie ek de grutte sportpaadsljochter Willem ("Pim") Mulier. Hy wie it, dy't dêrnei op it idee fan in 'organisearre' Alvestêdetocht kaam. Yn 1909 wie it safier. Doe skreau de Friesche IJsbond foar de earste kear in alvestêdewedstriid út.
De Friesche IJsbond woe it lykwols by dizze iene kear litte, mar mr. M.E. Hepkema, jurist te Ljouwert, wie fan miening dat dizze foarm fan reedriidsport libbensfetber wie. Hy achtte in aparte organisaasje dêrby fan belang. Inkele dagen dêrnei - op 15 jannewaris 1909 - rjochtte hy, mei noch mear opteine Friezen, Vereniging De Friesche Elf Steden op. It doel fan de feriening wie en is om de iissport yn de provinsje Fryslân te befoarderjen en yn it bysûnder in Alvestêdetocht op redens te organisearjen - sa mooglik elts jier. Mr. Hepkema wie de earste foarsitter (fan 1909 oant 1947).
De Alvestêdetocht kin in wedstriid- en in toertocht, dy't beide op deselde dei én lâns deselde rûte plakfine. Sûnt 1909 hat de tocht fyftjin kear plakfûn.
Winners alvestêdetochten.
Sûnt 1909 ha der mar 15 Alvestêdetochten op redens plakfûn, wêrfan fiif yn de moanne jannewaris en tsien yn de moanne febrewaris. De lêste Alvestêdetocht wie op 4 jannewaris 1997. De winners fan de tochten wiene:
|
Jier
|
Dei |
Dielnimmer
|
Wenplak
|
Rydtiid
|
|
02-01-1909
|
sneon |
M. Hoekstra
|
Wergea
|
13.50
|
|
07-02-1912
|
woansdei |
C.C.J. de Koning
|
Arnhem
|
11.40
|
|
27-01-1917
|
sneon |
C.C.J. de Koning
|
Arnhem
|
9.53
|
|
12-02-1929
|
tiisdei |
K. Leemburg
|
Ljouwert
|
11.09
|
|
16-02-1933
|
sneon |
A. de Vries
|
Dronriyp
|
9.53
|
|
|
S. Castelein
|
Warten
|
|
|
|
30-01-1940
|
tiisdei |
P. Keizer
|
De Lier
|
11.30
|
|
|
A. Adema
|
Frjentsjer
|
|
|
|
|
C. Jongert
|
Alkmaar
|
|
|
|
|
D. van der Duim
|
Wergea
|
|
|
|
|
S. Westra
|
Warmenhuizen
|
|
|
|
06-02-1941
|
tongersdei |
A. Adema
|
Frjentsjer
|
9.19
|
|
22-01-1942
|
tongersdei |
S. de Groot
|
Weidum
|
8.44
|
|
08-02-1947
|
sneon |
J. van der Hoorn
|
Ter Aar
|
10.51
|
|
03-02-1954
|
woansdei |
J. van den Berg
|
Nijbeets
|
7.35
|
|
14-02-1956
|
tiisdei |
Geen prijs uitgereikt
|
|
|
|
18-02-1963
|
freed |
R. Paping
|
Ommen
|
10.59
|
|
21-02-1985
|
tongersdei |
E. van Benthem
|
St. Jansklooster
|
6.47
|
|
26-02-1985
|
woansdei |
E. van Benthem
|
St. Jansklooster
|
6.55
|
|
04-01-1997
|
sneon |
H. Angenent
|
Alphen a/d Rijn
|
6.49
|
Froulju yn de wedstriid.
Yn 1985 koene der foar it earst froulju oan de wedstriid dielnimme. Yn dat jier wie de earst oankommende frou Lenie van der Hoorn; yn 1986 wie dat Tineke Dijkshoorn en yn 1997 wie dat Klasina Seinstra. Fanôf de folgjende tocht is der in aparte wedstriid foar froulju. Der komt dan ek foar it earst offisjeel in winneres.




