Hjir fine jo in oersicht fan de meast stelde fragen oer de Alvestêdetocht, Koninklijke Vereniging De Friesche Elf Steden en alle saken dy't dêrmei te krijen hawwe. Handich foar in flot en adekwaat antwurd op jo fraach. Soe it antwurd op jo fraach der net by stean, dan kinne jo maile nei info@defriescheelfsteden.nl., mar dan moatte jo krekt wat langer wachtsje op it antwurd op jo fraach.
Ik bin ynlotte; wat is myn starttiid?
Jo starttiid en oare foar jo wichtige ynformaasje krije jo by de ynskriiuwing fan de tocht. Soe der dizze winter in Alvestêdetocht holden wurde kinne, dan stiet der tsjin dy tiid in soad ynformaasje op ús webside.
It ynlogjen op de webside mei myn lidmaatskipsnûmer slagget net. Wat moat ik dwaan?
By it ynlogjen moatte jo altyd in lidmaatskipsnûmer besteande út seis sifers oanjaan. Dit dogge jo troch foar it lidmaatskipsnûmer in nul/nullen te setten.
Werom bin ik dit jier letter yndield as de kear hjirfoar. Hoe kin dat no?
Dit komt om't in soad leden ten ûnrjochte earder yndield wiene. Dit is no rjochtsetten, sadat elts no op it juste plak yndield is.
Kin ik dit jier meidwaan?
Jo kinne allinne oan de Alvestêdetocht meidwaan as jo lid binne fan Koninklijke Vereniging De Friesche Elf Steden en as jo ynlotte binne. As jo net oan dizze twa betingsten foldogge, dan kinne jo net oan in mooglike tocht meidwaan.
Kin ien mei in bûtenlânske nasjonaliteit ek in startbewiis krije?
Ek minsken mei in bûtenlânske nasjonaliteit sille lid fan ús feriening wurde moatte om oan de Alvestêdetocht op redens mei dwaan te meien. Sjoch fierder de fraach "Kin ik dit jier meidwaan?'
Hoe kin ik lid wurde?
Om lid te wurden, moatte jo op 1 oktober foarôfgeand oan it winterskoft dêr't jo lid yn wurde wolle, op syn minst 18 jier âld wêze en oer in ferklearring beskikke dat jo 200 km op ien dei ride kinne. Dizze ferklearring moat ûndertekene wêze troch twa hjoeddeistige leden fan ús feriening. It oanmeldformulier kinne jo dellade ûnder it kopke lidmaatskip.
Allinne yn de moannen april en maaie wurde de nije oanmeldings dy't foldogge oan alle betingsten, ynskreaun as lid. As jo oanmelding foar 31 maaie by ús binnen is, wurde jo yn it winterskoft dêrop as lid fan ús feriening ynskreaun.
Hoe faak mei ik as lid fan jo feriening in reedriidfeardichheidsferklearring ûndertekenje?
As lid van ús feriening meie jo maksimaal twa kear it jier in reedriidfeardichheidsferklearring ûndertekenje op betingst dat jo hiel goed ynskatte kinne oft dejinge dêr't it om giet yn steat is om 200 kilometer op ien dei op redens ôf te lizzen.
Hoe jou ik in ferhuzing troch?
Dat is mooglik fia ús webside. Troch mei jo lidnûmer en wachtwurd yn te logjen, komme jo by jo persoansgegevens. Dêr is it mooglik om sels jo adresgegevens te wizigjen.
Dernjonken bliuwt it mooglik om jo ferhúsberjocht oer de post of oer de fax oan ús troch te jaan. Ferjit dan net om jo lidnûmer dêrby te fermelden.
Hat de feriening ek in e-mailadres?
Ja, info@defriescheelfsteden.nl
Ik bin lid mei startrjocht, hoe jou ik dat rjocht op?
Jo kinne dat skriftlik (per e-mail, per post of per fax) oan ús trochjaan. Adresynformaasje fine jo by kontakt op ús webside. Jo meie jo lidmaatskip net oan in oarenien oerdrage, want it lidmaatskip is strikt persoanlik. Mear ynformaasje dêroer fine jo op ús webside by lidmaatskip.
Ik bin lid mei startkâns; hoe kin ik dit feroarje yn startrjocht?
Dat is net mooglik. Nei de earstfolgjende Alvestêdetocht wurdt it ledebelied op 'e nij besjoen. It hjoeddeistige ledebelied fine jo ûnder it kopke ledebelied.
Fan 't jier bin ik lid fan jo feriening wurden. Wannear wurd ik ynlotte?
Alle nije leden wurde yn it twadde jier fan harren lidmaatskip ynlotte. Dit betsjut foar jo dat jo net it kommende winterskoft, mar yn it winterskoft dêrop ynlotte wurde foar dielname oan de Alvestêdetocht. Mear ynformaasje hjiroer kinne jo fine op ús side by Feriening ûnder Lidmaatskip.
Bin ik yn- of útlotte?
Jierliks ein novimber ûntfange jo jo ledepas. As jo útlotte binne, dan stiet dat mei haadletters oanjûn. As jo ynlotte binne, dan fine jo op jo paske it baaljenûmer dêr't jo jo melde moatte by de inskriuwing fan de tocht, jo startnûmer en it nûmer fan de groep dêr't jo yn starte meie.
Ik wol ruilje fan lottingsjier. Hoe doch ik dat?
As jo fan lottingsjier ruilje wolle, dan moatte jo dat foar 1 septimber skriftlik (per brief of per e-mail) oan ús trochjaan. Jo kinne mar ien kear ruilje en jo kinne in ruilfersyk yntsjinje yn it jier dat jo útlotte binne. Jo wurde dan noch in kear útlotte.
De kontribúsje is net fan myn rekken skriuwn en no haw ik gjin berjocht hân. Wat moat ik dwaan?
Jo kinne it bêste efkes in mail stjoere nei info@defriescheelfsteden.nl
Ik ha de ledepas net krigen. Wat moat ik dwaan?
Jo kinne it bêste efkes in mail stjoere nei info@defriescheelfsteden.nl
Ik bin de ledepas kwyt rekke en no soe ik dit jier faaks meidwaan meie. Wat moat ik dwaan?
Om't wy gjin duplikaatpassen ferstrekke, moatte jo jo by in mooglike tocht melde by de baalje "bysûndere gefallen" mei in jildich legitimaasjebewiis. Dizze baalje stiet by de opstapplakken fan de bussen (WTC Expo en it NS-Stasjon). De pas is nammentlik nedich om yn de bus talitten te wurden. Neidat jo by de inskriuwhal oankommen binne, moatte jo jo op 'e nij by de baalje "bysûndere gefallen" melde.
Ik kin ien dy't wol starte mei, mar hy/sy makket dêr gjin gebrûk fan. Mei ik syn/har kaart brûke?
Dat is perfoarst net mooglik. De ledepas en it startbewiis binne strikt persoanlik en net oerdraachber.
Ik bin yndield yn ien fan de lêste groepen. Kin ik earder starte?
Dat is net mooglik.




