Iis en waar

By in Alvestêdetocht is it waar fansels fan grut belang. It bestjoer stiet dêrom mei strange froast hast permanint yn kontakt mei it KNMI en mei de Fryske waarman Pyt Paulusma.

Foar it hâlden fan in Alvestêdetocht op redens moat it iis op sawat de hiele rûte - hast 200 kilometer - op syn minst fyftjin sintimeter tsjok wêze. By oanhâldende froast mjitte de rayonhaden op syn minst ienris op in dei de dikte fan it iis. Somtiden wurde der iistransplantaasjes útfierd op dy stikken dêr't wakken binne. As de tocht ôfkundige is, wurde der op de swakke plakken yn de rûte klúnfoarsjennings boud. Dit binne houten betimmerings dy't oer de swakke plakken yn it iis of op de kant oanbrocht binne en dêr't de riders oerhinne rinne kinne. Ek wurdt der in soad gebrûk makke fan tapyt en rubbermatten. Wy strjibje der fansels nei om it tal klúnplakken en de lingte fan in klúnplak sa beheind mooglik te hâlden. 

Sykje

Login foar leden

Lidnûmer:
Wachtwurd:
Wachtwurd ferjitten?