Krúske.

Ynformaasje oer krúske en prizen.

Krúske.

Eltse dielnimmer, dy't binnen de stelde tiid *) de wedstriid of tocht folbringt en alle stimpels sammele hat, ûntfangt it - fel begearde - alvestêdekrúske.

It krúske is yn 1909 betocht. It bestiet út in medalje yn de foarm fan in Maltezer krús mei yn it midden in sirkelfoarm. Dizze sirkel befettet - yn e-mail - it wapen fan Fryslân. Yn it opskrift stiet "De Friesche Elf Steden".

It byldmerk fan it alvestêdekrúske, it logo, de flagge en de namme Koninklijke Vereniging De Friesche Elf Steden binne beskerme en meie sûnder tastimming fan de feriening net troch tredden brûkt of eksploitearre wurde.

Prizen.

Alle wedstriidriders dy't de tocht binnen de stelde tiid *) folbringe en alle stimpels sammele hawwe, ûntfange it alvestêdekrúske. Dêrneist meie de winners fan de alvestêdewedstriid harren ferhûgje yn in hiel soad publike belangstelling en in hiel grutte populariteit.

De alve earst oankommende manlju en de fiif earst oankommende froulju ûntfange in medalje. It tal prizen foar de froulike wedstriidriders is lytser, om't it tal froulike dielnimmers oan de wedstriid folle leger is dan it tal manlike dielnimmers.

De winner by de manlju ûntfangt boppedat de Pim Mulier-wikselpriis: in grutte sulveren panne. De winner by de froulju krijt twa wikselprizen: in sulveren bokaal en in sulveren wikselbeker. Sawol de manlike as de froulike winner krijt in krâns. Beide nammen wurde fierders gravearre yn it byld De Alvestêderider, dat foar it WTC Expo yn Ljouwert stiet. De útrikking fan de prizen fynt plak yn Ljouwert tidens de huldiging op de neimiddei fan de dei dat de tocht ferriden wurdt.

Alle medaljes en wikselprizen bestimd foar de priiswinners fan de earstfolgjende alvestêdewedstriid binne útstald yn it museum De Fryske Winter. Dit museum is ûnderbrocht yn it Fries Scheepvaartmuseum yn Snits.

*) Útslutend wedstriidri(i)d(st)ers dy't maksimaal 20% oer de riidtiid fan de winner/winneres hinne gien binne, komme yn oanmerking foar in alvestêdekrúske. Toertochtri(i)d(st)ers moatte foar 00.00 oere yn Ljouwert oankomme. 

Sykje

Login foar leden

Lidnûmer:
Wachtwûrd:
Wachtwurd ferjitten?