Nij logo
Fierder lêzeUtnoeging Algemiene Ledegearkomste 2011
Nije webside
Alvestêdebrief 2011
De Elfstedenbrief fan april 2010 is oan alle leden ferstjoerd.
Neist it ferstjoeren oer de post is de nijsbrief ferline jier foar it earst ek oer de e-post ferstjoerd. Sa'n 1600 leden hiene har dêrfoar oppenearre. De nijsbrief is ferstjoerd mei in link, sadat it mei in pdf-reader delladen wurde kin fan ús server. Wy hawwe in soad positive reaksjes fan leden ûntfange mocht en binne dan ek bysûnder tefreden mei it resultaat.
Om de nijsbrief digitaal te ûntfangen, kinne jo, as lid, ynlogje op ús website troch "Elfstedenbrief per mail" oan te finken. As ekstra opsje kinne jo dan it finkje by "verzending per post" útsette. Jo ûntfange de nijsbrief dan yn de takomst allinne noch per mail. Los fan besparring yn de kosten is de digitale wize fan ferstjoeren ek better foar it miljeu!
As jo jo wachtwurd ferjitten binne en jo mailadres is noch net by ús bekend, stjoer dan in mail nei info@defriescheelfsteden.nl mei dêryn neamd jo lidnûmer, namme en adres.




