Wedstriidreglemint.
Oan de wedstriid foar de manlju meie dielnimme maratonriders út de Topdivyzje yn de Essent Cup, 60 maratonriders fan de 1e divyzje dy't yn it besit binne fan in foar dat winterskoft jildige KNSB-lisinsje en in lidmaatskip fan Koninklijke Vereniging De Friesche Elf Steden. Foar de wedstriid fan de froulju jildt dat sy meidwaan meie as sy foarkomme op de meast resinte list fan de seksje maraton fan de KNSB, op betingst dat sy op it momint fan de tocht 75% fan de troch it lânlike seksjebestjoer organisearre wedstriden riden hawwe.
It wedstriidreglemint kinne jo hjir iepenje.
Tochtreglemint.
Foar de toertocht jildt it tochtreglemint. Neist de regels oer it meidwaan oan de tocht stiet hjir ek ynformaasje oer bygelyks it sluten fan de stimpelposten. De regleminten wurde troch it bestjoer fêststeld. Toande regleminten binne ûnder foarbehâld fan wizigingen.
De dielnimmers ride de Alvestêdetocht op eigen risiko. It reedriidark moat yn poerbêste kondysje wêze en de redens moatte goed ynriden wêze. De dielnimmers krije foarôf fia de media, fia dizze webside en by de ynskriuwing in tal advizen oer klean en iten by de tocht. By eltse kontrolepost yn de stêden en op in tal oare plakken binne EHBO-posten. Hûnderten EHBO-ers, dokters en oare frijwilligers binne yn it spier om de dielnimmers ta stipe te wêzen.




