De Alvestêdetocht giet oer in trajekt fan sawat 200 kilometer. Fan stêd nei stêd, oer marren, oer sleatten. Tusken de lannen en ûnder de brêgen troch. Hûnderttûzenen taskôgers wersteane de kjeld en moedigje lâns de rûte de reedriders oan.
Ljouwert, de haadstêd fan Fryslân, is fan âlds it start- en finishplak fan de Alvestêdetocht. De tocht fiert de dielnimmers fan Ljouwert ôf nei efterinoar Snits, Drylts, Sleat, Starum, Hylpen, Warkum, Boalsert, Harns, Frjentsjer, Dokkum en wer Ljouwert.
Alle dielnimmers ûntfange by de inskriuwing in stimpelkaart. Yn de stêden en op in tal geheime plakken binne kontroleposten ynrjochte. Dêr moatte de wedstriid- en de toerriders persoanlik harren stimpelkaart toane, dy't dêrnei - hânmiettich! - ôfstimpele wurdt.
In dielnimmer ûntfangt allinne it alvestêdekrúske as alle stimpels op de kaart steane en as hy of sy op tiid wer yn Ljouwert oankomt. Dat is foar 24.00 oere.




